Wethâlder Feitsma woe Skotten 'hert ûnder de riem stekke' mei flagge

03 feb 2020 - 19:37

Wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert wie tsien dagen lyn yn de Skotse haadstêd Edinburgh en waard dêr kontinu oansprutsen oer de oansteande Brexit. "De measte Skotten ferlitte tsjin harren sin de Europeeske Uny. It like my dêrom aardich om harren in hert ûnder de riem te stekken troch hjir by it stasjon de Skotse flagge op te hingjen."

De Skotse 'Saltire' tusken de flaggen fan de 27 lidsteaten fan de Europeeske Uny - Foto: Omrop Fryslân

Dat hert ûnder de riem liket aardich slagge. De earste foto's fan de 'Saltire' op it plak dêr't earder noch de Union Jack hong, giene as in rinnend fjoerke op de sosjale media yn Skotlân en fier dêrbûten. It soarge foar tûzenen, meast entûsjaste, reaksjes en tige effektive Ljouwert-promoasje yn Skotlân." Ek de twa grutte Skotske kranten 'The Scotsman' en 'The National' skreaune oer de aksje fan Feitsma.

"Net ferwachte"

"Dit hie ik ek net ferwachte. Ik krige sels allegearre reaksjes yn it Frysk, út Skotlân. Ek binne der Skotten dy't graach in kear del komme wolle. No, dat kin fansels", seit Feitsma. De ynstallaasje mei de flaggen fan de 28 lidsteaten fan de Europeeske Uny stiet sûnt it Kulturele Haadstêdjier yn de Ljouwerter Stasjonsstrjitte. It ferfangen fan de flagge fan Grut-Brittanje troch dy fan Skotlân sjocht Feitsma as 'in grapke mei serieuze ûndertoan'.

"As je yn Skotlân binne, dan fernimme je dat de minsken en ek de stêden dêr alle kontakten mei Europa op it mêd fan kultuer, hannel en ûnderwiis net kwyt wolle. As gemeente Ljouwert wolle wy ek graach trochgean mei de kontakten dy't der lizze mei in stêd as Edinburgh, mar ek mei oare stêden yn it Feriene Keninkryk."

Unôfhinklikens

Oer de fraach oft Skotlân wol of net ûnôfhinklik wurde moat, wol Feitsma him net útlitte. "Dat is yn it foarste plak oan de Skotten sels. Mar ik begryp dat sy in probleem hawwe mei Grut-Brittannië, want foar harren gefoel binne se tsjin haren sin út de Europeeske Uny skuord. In grutte mearderheid fan de Skotten wol dat net."

Yn it gefal fan in hurde Brexit wurde ek de kulturele kontakten dreger, omdat de tagong ta Europeeske fûnsen dan fuortfalt. Feitsma hopet dat it net safier komt. "De gearwurking mei Skotlân en ek mei oare dielen fan it Feriene Keninkryk moat bestean bliuwe. Dêr wol ik my foar ynsette."

Wethâlder Sjoerd Feitsma oer de Skotske flagge by it stasjon

(advertinsje)
(advertinsje)