Oarlochsgrêven op De Lemmer mei graffity bekladde

Op it âlde begraafplak fan De Lemmer binne koartdeis trije oarlochsgrêven mei graffity bekladde. Neffens gemeente De Fryske Marren is der yntusken oanjefte dien, de gemeente neamt it in 'erg trieste en onrespectvolle daad.'
De grêven op De Lemmer © Gemeente De Fryske Marren
De gemeente freget minsken dy't wat sjoen hawwe om harren te melden by de plysje. De Lemmer hie der in wike lyn ek al mei te krijen. Doe die bliken dat it gebouke 'Eintsje fan 'e daam' ek bekladde wie. Op dit karakteristike gebouke foar de haven stie eartiids in misthoarn, dit hokje wie noch mar krekt lyn restaurearre.