Minister Van Veldhoven iepenet alderearste brêge fan biokomposyt

03 feb 2020 - 18:21

Minister Stientje van Veldhoven fan Miljeu en Wenjen hat moandei mei deputearre Avine Fokkens de fytsbrêge yn Ritsumasyl iepene. In unike brêge en in wrâldprimeur. It is de earste fytsbrêge yn it iepenbiere wegenet dy't makke is fan in biokomposyt, besteande út flaaks en hars.

De brêge past yn it belied fan de provinsje om mear yn te setten op in sirkulêre ekonomy. Dat betsjut it hieltyd wer op 'e nij brûken fan ôffalmaterialen yn de ekonomyske produksje.

Oan it ûntwerp en de produksje fan de brêge hat in grut tal ynstânsjes meiwurke. Fanwegen it fernijende karakter ferget dat wol de nedige ekstra ynvestearrings, seit Sjoerd Marten Vrieswijk, haad fan Provinsjale Wettersteat.

Vrieswijk en deputearre Avine Fokkens binne der tige wiis mei dat de earste brêge dy't sa ta stân kaam is yn Fryslân stiet. Vrieswijk hopet dat der noch ferskate projekten folgje sille.

Sjoerd Marten Vrieswijk, haad Provinsjale Wettersteat

Sjoerd Marten Vrieswijk, Avine Fokkens en Stientje van Veldhoven op de brêge - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Minister Stientje van Veldhoven

Minister van Veldhoven neamt de oergong nei in sirkulêre ekonomy krekt like wichtich foar it miljeu as it werombringen fan de CO2-útstjit en de oerstap nei oare foarmen fan enerzjy, lykas sinne en wyn. Se priizget Fryslân fanwege de liedende rol dy't ús provinsje op dit mêd spilet.

De Feriening Sirkulêr Fryslân en provinsje Fryslân namen de minister mei foar in toer by sirkulêre plakken del yn en by Ljouwert, fanwege 'De wike fan de Sirkulêre Ekonomy'. De start wie by de fytsbrêge.

De brêge is beweechber, hat in oerspanning fan 22 meter en hat in dyk fan 66 meter oan biokomposyt.

Deputearre Avine Fokkens

(advertinsje)
(advertinsje)