Undersyk: der is draachflak foar mear toerisme yn Fryslân

03 feb 2020 - 17:31

Der is noch genôch draachflak foar mear toerisme yn Fryslân. Dat is de útkomst fan ûndersyk troch it Fries Sociaal Planbureau. Har rapport is moandei yn Drachten presintearre.

Foto: Omrop Fryslân, Ronald van der Pol

"Goed 3.000 minsken fan ús boargerpanel hawwe fragelisten ynfolle," leit Wilma de Vries fan it Fries Sociaal Planbureau út. "We ha de bewenners benammen frege hoe't se tsjin de groei fan it toerisme oansjogge. It docht bliken dat minsken iepensteane foar mear toerisme, mar se sitte net op massatoerisme te wachtsjen. It leafst toeristen dy't foar de natuer en kultuer komme en de rêst en romte respektearje."

Ut it ûndersyk kaam ek nei foaren dat regio's dêr't al in soad toeristen komme, lykas de Waadeilannen en súdwest-Fryslân, it al wat knypt. "Mar dêr hawwe se ek profyt fan dy toeristen. Oare regio's sizze krekt: lit de toeristen mar komme, we hawwe genôch te bieden."

In kanttekening is wol dat it panel fynt dat it karakter fan Fryslân net oantaast wurdt. "It moat passe by de skaal fan de provinsje."

Neist ekonomyske foardielen ûnderfine ynwenners mear reuring yn de omjouwing. Sa binne der mear eveneminten, foarsjenningen en kinne bewenners yn kontakt komme mei besikers dy't se oars net moetsje soene.

Neidielen

Yn gebieten mei in soad toeristyske besikers wurde wol neidielige gefolgen ûnderfûn, lykas parkearproblemen, lûdsoerlêst of swalkôffal, mar de foardielen binne grutter.

Foar de kommende tiid is it wichtich dat it tal besikers net skealik is foar de rêst en romte yn de provinsje, it lânskip en de kultuerhistoaryske steds- en doarpsgesichten. Want dat is neffens de ynwenners fan Fryslân de krêft fan de provinsje foar sawol de ynwenners as de besikers.

Wilma de Vries fan it Fries Sociaal Planbureau

Visit Friesland

"Lanlike sifers litte in ferdûbeling sjen, mar we geane net inkeld foar mear toeristen yn Fryslân, mar toeristen dy't mear besteegje. Wy kieze foar kwaliteitstoerisme, en sette dêrmei yn op duorsumens en lokaal iten bygelyks", seit Martin Cnossen fan Merk Fryslân.

Hy fynt it goed dat dit ûndersyk dien is. "Wy fine it belangryk om te witten wat de Friezen fine, moat der ynset wurde op toerisme. It smyt mear op as inkeld omset, mar it helpt ek om de foarsjenning yn stân te hâlden." Ynstânsjes wurkje mear gear om Fryslân op de kaart te setten.

"Mei de term Visit Friesland kinne besikers, nasjonaal en ynternasjonaal, ús fine. Dat is in algemien bekende term."

Martin Cnossen fan Merk Fryslân

Trefwurden: 
Drachten kongres rekreaasje
(advertinsje)
(advertinsje)