Noardlike kuorbaltopper ferkeazen ta 'Wedstriid fan de Wike'

03 feb 2020 - 17:08

LDODK like in soargeleas twadde part fan de kompetysje te hawwen, mar de Gordyksters moatte dochs wer oan de bak. Nei twa nederlagen is it wer spannend yn de Kuorbal League en dat mei de derby tsjin DOS '46 yn it foarútsjoch. Sneontejûn moat LDODK op besite yn Nijeveen en dat is de 'Wedstriid fan de Wike'.

Om de play-offs te heljen moatte de Fryske kuorballers by de earste fjouwer einigje. No steane se tredde mei sechtjin punten, likefolle as twa oare klups. Ofrûne sneon ferlear LDODK ferrassend fan DVO. "Dat wie eins wol ûnnedich", fertelt ferslachjouwer Freark Wijma. "Benammen oan de ein joech LDODK it folslein fuort." Dat sil sneon oars moatte tsjin DOS '46. Lykas it earste duel tusken beide ploegen sil it ek wer in famyljestriid wurde tusken de 'Frieswijkjes'.

De wedstriid tusken LDODK en DOS '46 is sneontejûn live te sjen yn de Omrop Fryslân-app en fansels op omropfryslan.nl. It duel begjint om 20.00 oere.

Foto: Omrop Fryslân

Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de Wike.' De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)