'Domino Day' wer op telefyzje, mar komt it ek wer nei Fryslân?

03 feb 2020 - 15:48

It telefyzjeprogramma Domino Day komt werom op telefyzje. Nei alve jier pakt produksjemaatskippij Endemol Shine de show wer op. Domino Day waard fan 2002 ôf yn Ljouwert yn it WTC-Expo holden. Mar oft it yn 2020 wer nei Ljouwert komt, is noch net bekend.

Domino Day yn 2009 - Foto: ANP

Domino Day moat dit jier yn novimber hâlden wurde, de ambysje fan de programmamakkers is om goed 4,5 miljoen stientsjes omfalle te litten. Op dit stuit siket de produksjemaatskippij noch ferskate minsken. Oft it wer nei Ljouwert komt, is noch net bekend.

Tusken 1998 en 2009 wiene de live fallende dominostientsjes te sjen foar ynternasjonaal publyk.

Yn 2005 kaam it programma noch grut yn it nijs om't in mosk de tariedingen foar de dominoshow yn it gebou fersteurde. Mar yn 2010 hold it programma op om't der te min sponsoaren wiene.

(advertinsje)
(advertinsje)