Earepinning foar iishockeytalint Iris van Houten (16)

03 feb 2020 - 15:35

IIshockeyer Iris van Houten fan Beetstersweach krijt de earste jeugdpinning fan gemeente Opsterlân. Sy wûn 15 jannewaris in gouden medalje by de Jeugd Olympyske Winterspelen yn it Switserske Lausanne en wurdt dizze moandei huldige.

Foto: GrootHeerenveen

"Iris is een prachtige vertegenwoordigster van de Opsterlandse jeugd. Ze heeft een geweldige Olympische sportprestatie geleverd en we eren dat met het uitreiken van de eerste Jeugdpenning op haar school", seit boargemaster Ellen van Selm.

"Iris gaat deel uitmaken van een groep jongeren uit Opsterland die iets bijzonders presteren en zich onderscheiden; we hopen de komende tijd meer jongeren te gaan eren met de Jeugdpenning. Het moet een groep jongeren worden die als het gezicht van jong Opsterland fungeert."

Ferdigener

De 16-jierrige Van Houten is ferdigener fan UNIS Flyers en it Nederlânske jeugdteam. Se waard earste op it iishockeytoernoai 3 tsjin 3. Oan it toernoai op de Jeugd Olympische Spelen diene acht famkesteams mei.

Foto: GrootHeerenveen
(advertinsje)
(advertinsje)