KWF: Yn Fryslân komt hûdkanker it meast foar

03 feb 2020 - 15:27

Yn 2019 binne 4.730 nije diagnoazen makke foar kanker yn Fryslân. Dat binne fjirtich mear as fjouwer jier lyn (in groei fan 0,9%), blykt út sifers fan KWF Kankerbestrijding. Lanlik leit dat sifer heger. Oer it hiele lân is it tal diagnoazen nammentlik yn fjouwer jier tiid mei 5,9% tanaam. Yn 2019 binne 118.000 diagnoazen makke.

It KWF hat sjoen nei de top fiif fan de soarten kanker dy't it measte diagnostisearre binne. Yn Fryslân komt hûdkanker fierwei it measte foar. Dêrneist ek prostaat-, boarst-, term- en longkanker.

Hieltyd mear hûdkanker

Der binne mear diagnoazen makke foar hûdkanker. Yn 2019 wienen dat 850 diagnoazen, 10 prosint mear as yn 2016. Dêryn wurde alle typen hûdkanker meinaam.

Foto: Shutterstock

Onkolooch Hovenga wurket yn it Drachtster sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten en is foarsitter by it Oncologisch Netwerk Friesland.

Neffens him soe de groei fan hûdkanker komme kinne troch de minsken dy't doe't se jong wiene hiel lang yn de sinne lein ha. "Yntusken geane wy hjir folle bewuster mei om." Wat ek opfalt, is dat de oantallen yn Fryslân minder hurd tanaam binne.

De ferklearring hjirfoar soe wêze kinne dat Friezen miskien minder yn de sinne sitten ha of minder op fakânsje geane nei waarme lannen, mar dat is gokken neffens Hovenga.

Minder termkanker

In opfallende delgong is te sjen by termkanker. Yn 2019 wiene der 520 persoanen mei de diagnoaze, wylst dat fjouwer jier earder 610 wiene. Neffens Hovenga komt dat troch it befolkingsûndersyk. "By it befolkingsûndersyk foar termkanker wurde al folle termpolipen opspoard en fuorthelle foardat it útgroeie kin ta kanker."

Yn it Oncologisch Netwerk Friesland sitte onkologen fan alle sikehûzen yn Fryslân. Se beprate hoe't se de kwaliteit fan de soarch foar kankerpasjinten noch better krije. It netwurk bestiet sûnt 2017, en hat no al wat oplevere neffens Hovenga. "Wy ha oer elke pasjint multydissiplenêr oerlis. Dan hawwe je fuort foar elke pasjint goed advys fan ferskate sikehûzen."

Dêrneist wol it netwurk him rochtsje op it ferbetterjen fan de psychososjale aspekten fan kanker. Dus net allinnich medyske soarch, mar ek oandacht foar de psychyske gefolgen fan de sykte.

Oantal nije diagnoazen kanker it jier 

Oantal nije diagnoazen kanker it jier yn Fryslân
2016 2017 2018 2019
Hûdkanker 770 730 840 850
Prostaatkanker 560 660 590 600
Boarstkanker 600 630 630 590
Termkanker 610 560 530 520
Longkanker 490 490 490 510
Alle soarten 4690 4770 4720 4730

Tiisdei 4 febrewaris is it wrâldkankerdei. Mear as 220 organisaasjes as ynrinhûzen, fysioterapeuten en sikehûzen wurkje mei-inoar om aktiviteiten te organisearjen. Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

Dan bringe we ek it ferhaal fan Mirjam van der Wal, dy't in jier lyn de diagnoaze boarstkanker krigen hat.

(advertinsje)
(advertinsje)