Provinsje stelt goed acht ton subsydzje beskikber foar ûndernimmers

03 feb 2020 - 15:07

Provinsje Fryslân stelt goed 800.000 euro subsydzje beskikber foar ûndernimmers. De regeling is sûnt moandei iepensteld foar ûndernimmers dy't oan de slach sille mei sirkulêre ekonomy, rekreaasje en toerisme, duorsumens, ynnovaasje, personielsbelied of digitalisearring.

Foto: Shutterstock.com

Undernimmers kinne in voucher oant 2.500 euro oanfreegje as se foar it bedriuw saakkundich advys ynhiere wolle. Ofrûne twa jier stie de subsydzjeregeling ek iepen. Nij is dat ûndernimmers it jild no ek brûke meie foar it oanfreegjen fan trainingen oer ûndernimmen, fraachstikken oer sirkulêre ekonomy, duorsumens en rekreaasje en toerisme.

"De Fryske ekonomy bestiet foar in grut part út MKB-bedriuwen. Om bedriuwsûntwikkeling en ynnovaasje te stimulearjen, hawwe we in leechdrompelige regeling ûntwikkele. De regeling is ferbettere en rjochtet him no ek yn it bysûnder op sirkulariteit en duorsumens", seit deputearre Sander de Rouwe.

(advertinsje)
(advertinsje)