Lûdswâl moat lûdsoerlêst fan nij Cambuurstadion foarkomme

03 feb 2020 - 13:49

In griene lûdswâl op it WTC-terrein yn Ljouwert moat lûdsoerlêst fan it nije Cambuurstadion foarkomme. Moandei is de gemeente Ljouwert úteinset mei de bou fan de wâl. Oan de Nicolaas Beetsstrjitte yn de Skriuwersbuert komt in grutte wâl fan 5 meter heech te stean om de wyk sa folle mooglik te beskermjen tsjin lûdsoerlêst troch it nije fuotbalstadion. De wâl moat yn maart klear wêze.

De lûdswâl krijt in bysûnder uterlik. De platen dy't tusken de peallen skood wurde, ha in ferskaat oan planten oan wjerskanten. Dêrtroch wurdt de wâl in bûnt selskip fan kleuren. "Dat vrolijkt de boel wat op," seit buertbewenster Dineke Pol. "Ik weet niet of de geluidsoverlast nu opgelost is, maar het wordt er wel mooier op."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Leuke reuring

Pol wennet al 35 jier yn de wyk en is bliid dat it stadion der komt. Sy wit lykwols ek dat de mieningen oer de komst fan it nije fuotbalstadion yn de Skriuwersbuert ferdield binne. "Sommige mensen zijn het er niet zo mee eens," seit Pol. "Maar ik vind die reuring altijd wel leuk."

In oare ynwenner fan de wyk is it net folslein mei Pol iens. "Het is de vraag of zo'n geluidswal wel helpt," seit se. "Ik denk toch dat er altijd wel wat overlast komt door supporters. Ik weet het natuurlijk niet zeker, maar het is wel een optie."

Foto: Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort

Begjin fan de bou

De lûdswâl is neffens wethâlder Hein de Haan mear as allinnich in wâl. It markearret ek it begjin fan it nije Cambuurstadion. "Nu hebben we een tastbaar begin voor de bouw van het stadion", fertelt De Haan. "Hier hebben we toch hard voor gewerkt."

De wethâlder lei moandei de earste plaat tusken de peallen. It grien wurdt de kommende wiken noch taheakke. Ek wurdt de wâl noch foar fûgels en flearmûzen tagonklik makke.

Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by de bou fan de lûdswâl

(advertinsje)
(advertinsje)