Nyk de Vries skriuwt Grut Frysk Diktee

03 feb 2020 - 13:21

Nei it Grut Frysk Diktee fan 2018, op it Aldehoustertsjerkhôf, mei mear as 600 dielnimmers, wurdt dit jier wer in 'gewoan' Grut Frysk Diktee hâlden yn it Provinsjehûs. Dichter fan Fryslân Nyk de Vries sil it diktee skriuwe.

Foto: Jacob van Essen

It diktee is tiisdeitejûn 21 april en is dit jier live te folgjen fia de livestream op de website www.fryskdiktee.nl.

Hoe dochst mei?

Wa't meidwaan wol oan it Grut Frysk Diktee 2020 moat him of har yn it foar kwalifisearje. Dat kin troch mei te dwaan oan it kwalifikaasjediktee tusken 17 febrewaris en 16 maart op de website fan it Grut Frysk Diktee.

Lyts Frysk Diktee

Op 21 april nimme ek de bêste Fryskskriuwende skoalbern it tsjin inoar op yn de Steateseal. Middeis wurdt dêr it Lyts Frysk Diktee hâlden foar skoalbern út de boppebou fan de basisskoalle. Janny van der Molen skriuwt it bernediktee. De bern kinne harren fia de eigen skoalle kwalifisearje foar it diktee.

Nyk de Vries

Nyk de Vries is as Dichter fan Fryslân twa jier lang de poëtysk ambassadeur fan Fryslân. Yn 2015 kaam syn tredde roman Renger út.

(advertinsje)
(advertinsje)