Fjoershow Carabosse lûkt sa'n 130.000 besikers nei Ljouwert

03 feb 2020 - 12:49

De fjoershow Carabosse yn Ljouwert hat tusken de 120.000 en 130.000 besikers nei Ljouwert lutsen. Dat meldt de gemeente. Sneons wie de drokste dei mei goed 50.000 besikers.

Foto: Omrop Fryslân

Fan tongersdei oant en mei sneon luts de fjoershow tûzenen minsken nei de Fryske haadstêd. "Alle taffeltsjes fan restaurants en kafees sieten fol", fertelt Rob Leemhuis fan de gemeente. "Dêrmei is it in grut sukses te neamen."

(advertinsje)
(advertinsje)