Strangere oanpak foar asylsikers dy't foar oerlêst soargje

03 feb 2020 - 12:30

In lytse groep asylsikers dy't struktureel foar oerlêst soarget, wurdt tenei stranger oanpakt. Yn it noarden giet it om sa'n tachtich minsken. As se yn de fout gean, kinne se tenei rekkenje op in gebietsferbod, in finzenisstraf of se wurde it lân útset.

Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

De nije maatregel is bedoeld om foar te kommen dat in lytse groep asylsikers it ferpest foar de gruttere groep. De maatregel wurdt koördinearre troch Henk Wolthof. Hy kin net sizze om hoefolle minsken it krekt giet yn Fryslân. "Die tachtig is een detail dat we vrij kunnen geven, maar we geven niet aan hoeveel asielzoekers het per locatie betreft." Op de asylsikerssintra sels witte de meiwurkers wol om wa't it giet. Wolthof: "Men krijgt per locatie door hoeveel mensen er op de lijst staan. Vaak zijn die op de locatie zelf ook al langere tijd in beeld."

Hurdere oanpak

Doel fan de nije maatregel is om in better strafdossier op te bouwen oer dizze persoanen. Wolthof: "Dit is een verbetering van de huidige aanpak. We zijn als diensten bij elkaar gaan zitten omdat we willen dat zo iemand ook echt aangepakt kan worden. We willen heel graag dat - waar mogelijk - het strafrecht wordt toegepast op deze kleine groep. " Dat rint útien fan in finzenisstraf oant in winkelferbod of ferbod foar it iepenbier ferfier.

Under it fergrutglês

Wolthof ferwachtet al op koarte termyn resultaat fan de nije strangere oanpak. "Op het moment dat iemand op de lijst staat, krijgt hij een gesprek. Dat zal een stevig gesprek zijn, zodat we goed in beeld krijgen hoeveel overlast iemand veroorzaakt. We leggen zo iemand onder het vergrootglas en willen hem keihard aanpakken." Ek meiwurkers fan de asylsikerssintra ha dêr by in wichtige rol. "Zij staan te popelen om deze kleine groep aan te pakken, omdat ze het verpesten voor de rest", wit Wolthof.

Henk Wolthof oer asylsikersoanpak

Trefwurden: 
oerlêst asylsikers
(advertinsje)
(advertinsje)