Noed oer achterstânswyk: leefberens wurdt minder

03 feb 2020 - 18:01

De wenningboukorporaasjes meitsje harren grutte soargen oer de achterstânswiken yn Nederlân. Neffens de lanlike oerkoepeljende organisaasje Aedes giet de leefberens yn dizze saneamde Vogelaarwiken de ôfrûne jieren net foarút, mar achterút.

It wyksintrum fan Heechterp-Skieringen - Foto: Omrop Fryslân

Dat soe komme trochdat der mear minsken mei psychyske problemen yn de wiken komme en statushâlders dy't de taal net sprekke. Dat soarget foar oerlêst.

Dat is ek sa yn Heechterp-Skieringen yn Ljouwert, ien fan de wiken dêr't it om giet. Jacob Vierkant is al acht jier aktyf as buertkonsjerzje yn de wyk. "Ik vind het nog steeds een prachtwijk", seit Jacob Vierkant. Neffens him is der net folle ferskil mei oare wiken. "Het zijn prima mensen hier. De sociale teams doen veel voor de wijkbewoners, alle inzet is er wel."

Betize minsken

Hy sjocht dat der mear betize minsken komme. "Bewoners durven die mensen niet aan te spreken op bijvoorbeeld muziekoverlast, drugsproblematiek, mensen die dealers toelaten aan hun portieken, en rotzooi in de kelders."

Hy pleitet foar mear kameratafersjoch. "Het zou mooi zijn als alle klachten worden gemeld, zodat instanties er wat aan kunnen doen. Omdat de overlast vaak 's nachts is, valt het vaak niet te bewijzen, je zou meer kunnen doen met camera's."

Jacob Vierkant, buertkonsjerzje yn Heechterp-Skieringen

Heechterp-Skieringen - Foto: Google Street View

Ljouwerter wethâlder De Haan kin him grutdiels fine yn de soargen fan de wenningkorporaasjes. "We herkennen het beeld dat er steeds meer mensen in de wijk instromen met een laag inkomen en die vaak ook meerdere problemen hebben in de privésfeer." De leefberens soe lykwols sels in bytsje omheech gean. "Maar dat betekent niet dat er geen reden tot zorg is."

Beheind

"Wat je ziet is dat woningbouwcorporaties de afgelopen jaren teruggestopt zijn in een hok door de Woningwet. Ze mogen maar een beperkte doelgroep huisvesten." Ek moatte se flinke heffings ôfdrage, wêrtroch't se minder ynvestearje kinne yn de wiken.

Wethâlder Hein de Haan oer de Vogelaarwiken

De Haan syn oprop: jou wenningboukorporaasjes mear romte om minsken te hûsfestjen en te ynvestearjen yn de wyk. "Ze staan erg onder druk. Tegelijkertijd is de landelijke stedelijke vernieuwingsaanpak is opgehouden te bestaan. We zitten in het laatste restje beschikbare middelen, dus dat is ook zorgelijk." Al hielendal yn kombinaasje mei de grutte tekoarten op sosjale domein, seit De Haan.

'Differinsjearre wyk'

Dy trije dingen tegearre meitsje dat hy him soargen makket oer de takomst fan Heechterp-Skieringen. Mar in oplossing is neffens De Haan it ynsetten op in 'differinsjearre wyk'. Dat hâldt yn dat mear ferskillende wenten en ferskillende doelgroepen by elkoar setten wurde.

De Haan tinkt dat der noch hoop is foar Heechterp-Skieringen "Het is wijk die ook hartstikke leuk is en waar dingen goed gaan. Die stigmatiserende stempel vinden ze zelf heel vervelend. We staan aan de vooravond van weer plannen maken voor Heechterp-Schieringen om de wijk weerbaarder en vitaler te maken."

Kelly Kao fan it Bewennersbedriuw Heegterp-Schieringen

Sûnt 2012 binne se by it bewennersbedriuw Heechterp-Skieringen dwaande om de bewenners aktyf meihelpe te litten yn it better meitsjen fan de wyk. En dat wurket, sa seit Kelly Kao fan dat bewennersbedriuw. "Bewoners uit de wijk gaan hier aan de slag. Of ze onderhouden het groen in de wijk, maken schoon of koken voor bewoners. Zo wordt de wijk wat leefbaarder." Ek is it de bedoeling dat de wykbewenners wer ûnder de minsken komme.

Neffens Kao is Heechterp-Skieringen net sa negatyf as dy yn it nijs delsetten wurdt. Se omskriuwt de wyk as gesellich. "Ik zou het als een dorpsgevoel omschrijven. Iedereen kent elkaar."

(advertinsje)
(advertinsje)