Eaststellingwerf wreidet proef mei opbouwurkers út

03 feb 2020 - 11:11

It opbou-wurk dêr't de gemeente Eaststellingwerf mei proefdraaid hat yn fjouwer doarpen en ien wyk, moat útwreide wurde nei oare doarpen. Dêr sette boargemaster en wethâlders op yn.

De Oosterhuisweg yn Makkingea - Foto: Omrop Fryslân, Sian Wierda

Yn de proef krigen De Fochtel, Makkingea, Ravenswâld, Appelskea en de wyk Easterwâlde-Noardeast stipe fan twa opbouwurkers. Dy holpen de doarpen en de wyk mei bygelyks it opsetten fan kontakten tusken âlde en nije bewenners, of mei it tsjingean fan iensumheid.

Doarps- en wykbewenners wiene goed te sprekken oer dizze oanpak. Dêrom wolle boargemaster en wethâlders der fierder mei. De útwreiding fan de proef foar de kommende twa jier kostet hast trije ton. Dan giet it om Donkerbroek, Elslo, De Haule, Langedike en Easterwâlde-Noard.

(advertinsje)
(advertinsje)