Deputearre Poepjes: "Ljouwert is foarbyld foar oare Kulturele Haadstêden"

03 feb 2020 - 10:32

Stêden dy't útroppen binne ta Kulturele Haadstêd fan Europa, nimme Ljouwert faak as foarbyld. Dat fernimt deputearre Sietske Poepjes. Se wie it ôfrûne wykein op útnûging yn Kroäsië.

Foto: Rijeka 2020

De stêd Rijeka dêr is dit jier Kulturele Haadstêd. Se diele de titel mei Galway yn Ierlân. Neffens Poepjes fine de nije kulturele haadstêden de oanpak fan Fryslân en Ljouwert yn 2018 in foarbyld fan hoe't it moat.

Benammen de rol fan de mienskip yn de organisaasje wurdt neffens Poepjes wurdearre. Doe't Ljouwert-Fryslân yn 2018 Kulturele Haadstêd wie, ha benammen ek lokale inisjativen de romte krigen en fûnen de aktiviteiten net allinnich yn Ljouwert, mar ek op it plattelân plak.

(advertinsje)
(advertinsje)