Yoga is booming business; ék yn Fryslân

Yoga is booming business. Hieltyd mear minsken gean as yogadosint oan de slach. Yn tiden fan stress en hege wurkdruk blykt yoga ien fan de oplossingen om dochs 'zen' te bliuwen. En ek al binne wy yn Fryslân dan hiel nofter, ék by ús groeit it tal yogabedriuwkes. Ien fan dizze yogadosinten is Joan Hoekstra fan It Hearrenfean.
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Joan Hoekstra fan It Hearrenfean begjint dêr mei in yoga-kursus Slow Flow Yoga. Se hat in burn-out hân en hat doe in soad oan yoga hân. "Yoga is een goed middel om tot jezelf te komen. Slow Flow Yoga is een rustige vorm van yoga, die heel goed werkt om je emoties vrij te maken en tot rust te komen."
Ferslachjouwer Arjen Bosselaar ûntdekt Slow Flow Yoga
© Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
Hoekstra kiest foar lytse groepkes om sa elkenien it nedige omtinken te jaan. Elkenien kin meidwaan. Spesjaal foar de harkers joech Hoekstra in 'radio yogasessie'.
Is Slow Flow yoga wat foar dy?