Kollum: "Faginamonolooch"

"Lêstendeis wie ik by in man op besite mei in mega grutte hûn. Ik hie it meunster al blaffen heard doe't ik op de doarbelle drukte. Hy die de doar iepen op in lyts kierke en hold mei syn knibbel de dikke hûnekop tsjin, dy't út alle macht besocht om syn harsens nei bûten te stekken. By de doar ûntstie in wrakseling. Mei muoite wist it baaske my te freegjen oft ik benaud wie foar hûnen. 'Nee hear', sei ik. En dat is ek sa. Ik bin net benaud foar in hûn, mar ik ha wol in hekel oan ien spesifike eigenskip fan in hûn.
© Omrop Fryslân
De Toan fan Nynke van der Zee
Elkenien sil it herkenne: stapst de wenkeamer of keuken yn dêr't in hûn is en it bist hipt fuortendaliks by dy omheech wylst de baas ropt dat soks absolút net mei. Mar it is al wer sa: twa hûnepoaten op dyn skjinne broek. Sitst noch net op 'e stoel of it bist hinget mei syn kop op dyn knibbel, wylst er syn net sa fris rûkende adem dyn kant ophimet. En fansels moast 'm efkes aaie, earder giet er net fuort. Nei trije kear aaien sit dyn broek fol mei hûnehier en meurt dyn hân nei hûn.
Mar it slimste fyn ik noch wol it momint dat in hûn brutaal by dy yn it krûs dûkt. Dat is foar sawol it baaske as it slachtoffer in momint fol skamte. Want meastal giet dy krússnuverij der ek net hiel sachtsinnich oan ta. Foardatst it yn de gaten hast, fielst ynienen sa'n wiete hûnesnút tusken dyn fuotten. En moatst net tinke datst dy der mei in sachtjes triuwke wer wei krijst. Dy snúft krekt sa lang as er sels wol.
Ik ha my der wolris ûnseker troch field. Hoe kin it no dat in hûn altyd by my yn it krús dûkt, tocht ik dan. Ik hold my mar fêst oan de teory dat lûzen ek it leafste yn skjin hier sitten gean. Dus sa soe dat mei hûnen grif ek wêze. Mar ast der op letst, dan sjochst dat in hûn it by elkenien docht. It is in natuerlik oerynstinkt. En ik ha ris útsocht wêrom't se dat dogge.
In hûn kinne folle better rûke as in minske. Dat wit elkenien. Mar in hûn kin dêrtroch ek folle better in ferklearring fine foar in geur. Hy brûkt it rûken oan dyn krús dus om ynformaasje oer dy te krijen. Ynformaasje oer dyn hormoanen, dyn stress-nivo, ast yn ferwachting bist of krekt seks hân hast. Mar ek ofsto freonlik bist of net. Dat dogge se ek by elkoar. Wa't wolris mei syn hûn te kuierjen giet, wit presys hoe't dat wurket. Do stiest mei it oare baaske te praten, wylst jim hûnen inoar útgebreid oan it kontgat snuve.
Mei oare wurden: it leit dus net oan dyn persoanlike hygiëne. Eins hast op dat stuit dus in hiel goed en djipgeand petear mei in hûn. Leuk en aardich allegear, mar fan my hoecht it net: sa'n faginamonolooch op syn hûntsjes."