Sa'n 200 minsken stappe ôf by Winterfytsalvestêdetocht

It kâlde waar soarge foar de nedige útfal by de sechsde edysje fan de Winterfytsalvestêdetocht op snein 2 febrewaris. "Ongeveer 200 deelnemers zijn afgehaakt", wit organisator Eric Lansu. "Het is lastig te meten, maar er zijn toch aardig wat mensen die het te koud vonden en de tocht hebben ingekort."
© Omrop Fryslân
Earder soarge min waar ek alris foar hiel wat útfallers. "Dat was in 2016", wit Lansu noch. "Toen hadden we ook slecht weer en waren er maar liefst 600 afhakers. Mensen zijn nu toch beter voorbereid op slechte weersomstandigheden."
Yn totaal diene der sa'n 1200 dielnimmers mei oan de sechsde edysje. "Als het een mooie lentedag was geweest, hadden we waarschijnlijk zo'n 1500 deelnemers gehad. Dat is ook ons maximum", fertelt de organisator.
Om ek de frijwilligers tsjin it minne waar te beskermjen, waarden de measte stimpelposten binnen delset. Lansu: "We kunnen onze vrijwilligers niet urenlang buiten laten staan. We hebben heel wat vrijwilligers nodig op zo'n dag. Daar zijn we heel dankbaar voor, want zonder hen kunnen we dit niet mogelijk maken."
Neffens Lansu meie de dielnimmers dy't de tocht útriden hawwe, grutsk op harsels wêze. "Het is echt een prestatie waar je jaren later nog trots op kunt zijn."
Organisator Eric Lansu