Keunstakademy Fryslân hopet op kultuersubsydjze fan provinsje

03 feb 2020 - 07:53

Der brekke spannende tiden oan foar kultureel Fryslân. Fan febrewaris ôf kinne organisaasjes in oanfraach dwaan foar de nije subsydzjeregeling fan de provinsje Fryslân. In eksterne kommisje sil har dan bûge oer de fraach wa't wat krijt. Doel fan de nije regeling is likensere kânsen. Ek Keunstakademy Fryslân sil in oanfraach dwaan.

Keunstakademy Fryslân is de lêste jierren bot groeid. Direkteur en keunstner Doet Boersma is tritich jier lyn begûn op in skip, dêrnei ferhûze se nei de Skrâns yn Ljouwert. Dit plak wie nei in pear jier ek te lyts. Sûnt koart hat de akademy in nij en grutter ûnderkommen oan de râne fan Ljouwert, yn in âlde sportskoalle dy't hielendal ferboud is.

"Ik fiel my hiel grutsk", sa fertelt Boersma. "Mar tagelyk ek hiel lyts. Dosinten kinne alles sels pakke, alles rint sûnder dat ik oeral by belutsen bin." De lêste jierren is it tal dosinten groeid fan 8 nei 40. It tal lesoeren is tanommen fan 20.000 nei 30.000. En de akademy hat ek in dieltiid-HBO fakoplieding, de iennige yn Nederlân.

Studinten fan dizze oplieding sitte troch elkoar mei gewoane kursisten. "Dat betsjut dat it nivo foar eltsenien heech is", sa fertelt Boersma.

Foto: Omrop Fryslân, Wendy Kennedy

Trije jier lyn hat de akademy twa ton krigen fan de provinsje om fierder te profesjonalisearjen. Dat is neffens Boersma goed slagge. "Alles stiet: fan administraasje oant in heldere fakoplieding." Om troch te gean yn de foarm dy't se no hawwe, hat de Keunstakademy wol subsydzje nedich. "We wolle ek fierder útbouwe om der wêze te kinnen foar in sa breed mooglike doelgroep."

Boersma sil dan ek in oanfraach dwaan by de nije regeling. "We witte noch net op hokker temagebiet we dat dwaan sille", seit Boersma. Der binne ferskate programmalinen dêr't de organisaasje in oanfraach foar yntsjinje kin, sa as 'ynnovaasje en eksperimint' en 'kultuer yn 'e mienskip'.

Boersma: "We passe eins yn alle temagebieten. Ik hoopje dat de amtners fan de provinsje ús hjir goed yn begeliede kinne, want it is kompleks."

Inisjatyfnimmer Doet Boersma: "Ik fiel my hiel grutsk, mar ek hiel lyts"

(advertinsje)
(advertinsje)