Dochter fan filmer unike Alvestêdetocht fan 1954: "Heit woe dy film ha"

"Heit woe ferslach dwaan. Hy woe dy film ha", fertelt Klara Woldring-Steensma. Sy is sichtber grutsk as se oer har heit, Sjoerd Steensma, fertelt. Yn 1954 gie Steensma der op út om de kopgroep fan de Alvestêdetocht te folgjen. De Boalserter lei se earst fêst yn Harns, dêrnei yn Frjentsjer, Alde Leie, Froubuorren en Dokkum.
Dochter fan filmer unike Alvestêdetocht fan 1954: "Heit woe dy film ha"
Op it iis njonken de Prinsetún yn Ljouwert stie Steensma der wer en lei hy de oerwinning fêst fan Jeen van den Berg. Hy die dat allegear mei in kleurefilmke yn syn kamera. Foar dy tiid wie dat hiel ûngewoan. Foar safier't no bekend is, binne dit de âldste kleurebylden fan in Alvestêdetocht.

Keystone-kamera mei 16mm-film

Op tafel yn it Fries Film Archief leit in learen tas. Yn dy tas sit de kamera fan Sjoerd Steensma. Hy krige him yn 1946 fan in sweager út de Feriene Steaten. Dy wie oer út Californië. Klara Woldring-Steensma: "Heit wie in man dy't hiel goed neitocht oer wat hy fêstlizze woe. Hy filme ús as famylje, mar ek eveneminten. Hy hie gefoel foar drama en each foar saken dy't moai wiene. It wie in man dy't dat allegear graach regissearre. Hy skreau ek alles folslein út. Dat holp by it montearjen."
De 16mm-kamera dêr't alles mei fêstlein is troch Sjoerd Steensma © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
"Hy neamde himsels bakker-keapman", seit Klara Woldring-Steensma. Har heit siet yn it famyljebedriuw Steensma & Zn yn Boalsert. Hy is better te omskriuwen as in alleskinner. Sjoerd Steensma wie aktyf as skriuwer fan muzykstikken, mar ek as foargonger yn de meniste tsjerke.
Dêrnjonken wie hy ek noch aktyf foar in ferskaat oan toanielferieningne. "Dêrtroch hie hy ek gefoel foar byld", seit Klara Woldring-Steensma. "De kamera paste goed by him. Hy filme altyd en wurke him dan oeral nei foaren ta as parse."
Sa slagge it Steensma dan ek om yn 1954 en 1956 foaroan te stean by de finish. Hy lei de oerwinning fêst fan Jeen van den Berg en dy fan de fiif fan it "Pact van Vrouwbuurtstermolen.
De finish fan de fiif yn 1956 © Fries Film Archief

Filmkes nei it argyf

De filmkes fan Sjoerd Steensma binne ôfrûne jier oerdroegen oan it Fries Film Archief. Klara Woldring-Steensma hat dêr net oer twivele: "As dit yn de famylje bliuwt, wêr bliuwt it dan. It koe mar ien plak krije en dat is hjir. Dan hat eltsenien der wat oan."
Sels hie se net troch dat it om bysûnder materiaal gie. "Dat hie ik net ferwachte. Dat dit dan de oant no ta âldste bekendste kleurebylden binne, prachtich. Ik bin dêr tige grutsk op. Seker ek foar myn heit."
Pas by it trochnimmen fan it materiaal ûntduts ien fan de meiwurkers fan it Fries Film Archief de bysûndere kleurebylden. Syds Wiersma: "Earst tochten we dat it de tocht fan 1956 wie. Dêr ha we kleurebyld fan. Mar al gau waard dúdlik dat it gie om Jeen van den Berg yn 1954. Ja, dat is fantastysk. Dan sjogge je de krâns mei wyt-reade tulpen, hiel bysûnder."

Alvestêde-gekte yn '54 en '56

Klara Woldring-Steensma wie 15 jier yn 1954. Wat har it meast bybleaun is fan dy tiid is de drokte: "Alles wie ien grutte Alvestêde-koarts. Dat wie prachtich. Oeral wienen toerriders te sliepen. Ek by ús thús."
Dy gekte is ek werom te sjen op de bylden. De Prinsetún yn Ljouwert stiet fol taskôgers. Yn 1956 is it sels noch drokker. Dan steane der sels minsken op de dakken fan de huzen en gebouwen njonken de finish.
It jout neffens Wiersma ek in goed histoarysk byld: "Je sjogge hjir hoe bot minsken dwaande wiene mei de Alvestêdetocht. It is mei in soad kamera's fêstlein troch it Polygoonjournaal. It is dúdlik dat dit it earste echte grutte lanlike sportevenemint is."
Dit is prachtich om te sjen. Ik ken de bylden fansels, mar sa yn kleur, dat docht safolle mear.
Halbe van den Berg, soan fan Jeen van den Berg
Halbe van den Berg is de âldste soan fan Jeen van den Berg. As hy de bylden foar it earst sjocht, wurdt hy eefkes stil. "Dit is prachtich om te sjen. Ik ken de bylden fansels, mar sa yn kleur, dat docht safolle mear."
Van den Berg sjocht in goed ôftrainde heit: "It is in fitte jonge man. Skerpe linen yn it gesicht. Je kinne sjen dat hy goed ôftraind wie, hiel sterk." Op de bylden nei de finish sjogge je Jeen van den Berg en syn heit. "Dat wie noch wol in ferhaal", sa seit Halbe. "Pake en beppe wienen op houtsjes nei Wergea riden. Dêr binne se yn in taksy stapt en sa nei de finish brocht. Om se dêr sa te sjen, dat docht al wat mei dy."
Nei de tocht fan 1956 waard hy ta winner útroppen. De earste fiif kamen tagelyk oer de streek, it saneamde 'Pact van Vrouwbuurtstermolen'. De organisaasje akseptearre dat net en woe Van den Berg de priis jaan. Dy betanke foar de eare. Logysk, sa seit syn soan: "Hy wie net de earste. As je dat net binne, dan kinne je de earste priis ek net krije."
Jeen van den Berg is op 8 oktober 2014, op 86-jierrige leeftiid, stoarn. "Ik tink no wolris: Hie ik froeger mar wat better harke as heit ferhalen fertelde oer de tocht. Dan hiene je saken freegje kinnen. Dat kin no net mear."
De belangrykste films fan de famylje Steensma binne digitalisearre. Dat is dien yn it ramt fan it Deltaplan Digitalisering Cultureel Erfgoed Friesland (DDCE). Omrop Fryslân bringt yn gearwurking mei it Fries Film Archief de bylden dizze moandei nei bûten.