Beammewâl moat apoteek wurde foar fee

03 feb 2020 - 07:20

De beammewâl yn De Fryske Wâlden as apoteek foar it fee. Dat is de kearn fan in bysûnder projekt dat moandei offisjeel yn de gemeente Achtkarspelen begjint. Yn it projekt fan de Vereniging voor Agrarisch Natuur- en Landschapsbeheer in Achtkarspelen (Vanla) wurdt 4 jier lang sjoen oft ytbere planten, strûken en beammen it brûken fan medisinen by fee werom bringe kinne.

Foto: Omrop Fryslân

Dictus Hoeksma is projektlieder en dielnimmer: "Wy ha in hiel soad natuoer om ús lân hinne yn 'e Wâlden. Bisten fiele sels hiel goed as se wat ûnder de leden ha. Se witte ek krekt hoe't se harsels wer sûn meitsje kinne troch oan in bepaalde beam of strûk te fretten. De iik bygelyks soarget dat de spiisfertarring wer goed wurdt en swarte beikes helpe om it bloed wer op gong te krijen."

Nije kennis opdwaan

Elke beam of strûk hat sa syn eigen genêskrêft. Doel is dan ek om genôch fariaasje oan beammen en strûken yn de beamwâlen te krijen. Hoeksma: "Wy freegje de dielnimmende boeren om yn de gaten te hâlden wat harren fee krekt fret en om te sjen wat harren mankearret. Sa kinne wy sels ek nije kennis opdwaan. Gelokkich is ek yn âlde boeken it nedige te finen, dêr't wy wakker nei op syk binne."

Utkomsten diele

De útkomsten fan dit bysûndere projekt komme op de kennisbank op de webside. Sa wolle de inisjatyfnimmers harren ûnderfinings diele.

Projektlieder Hoeksma oer it apoteek-idee

Yn de feriening wurkje ûnder oare Van Hall Larenstein, it Nordwin College, Lânskipsbehear Fryslân en Stichting Wrâldfrucht gear mei 14 boeren.

Trefwurden: 
fee Fryske Wâlden beammewâl
(advertinsje)
(advertinsje)