Film oer Alvestêdetocht fan 1954 yn kleur ûntdutsen: "Pearel yn it argyf"

03 feb 2020 - 07:00

It Fries Film Archief hat de hân lein op mooglik de âldste kleurebylden fan de Alvestêdetocht. It giet om de tocht út 1954, dy't wûn waard troch Jeen van den Berg. Se binne makke troch Sjoerd Steensma fan Boalsert. It is dizze moandei eksakt 66 jier lyn dat de tocht hâlden waard. Njonken de tocht fan '54 hat er ek dy fan twa jier letter yn kleur fêstlein. Doe kamen de fiif koprinners tagelyk oer de finish.

De orizjinele film hie gjin lûd. Omrop Fryslântechnikus Martijn Engbrenghof is dermei oan de slach gien: "Met geluid gaat zo'n film leven. Wat ik geprobeerd heb te doen is mensen mee terug in de tijd te nemen."

Mei in 16mm-kamera

Oant no waard oannaam dat de de Fryske filmmakker Han de Vries de âldste kleurebylden sketten hie. Hy lei de tocht fan 1956 fêst op film. It filmke fan Steensma is foar safier no bekend is it âldste dat makke is fan de 'tocht der tochten'. De 16mm-bylden binne by tafal ûntdutsen doe't de dochter fan de filmmakker, Klara Woldring-Steensma, de kolleksje fan har heit by it Fries Film Archief brocht.

Filmer fan iiseveneminten

It giet om bylden fan ferskate iiseveneminten. Sa hat Steensma ûnder oare ek de Alvemarretochten fan 1954 en 1956 fêstlein. Ek belslydjeiwedstriden op de Iselmar by Hylpen en it NK langebaan fan 1955 op it âlde Thialf. Dat wie doetiids noch in natueriisbaan op It Hearrenfean. Ek hat Steensma bylden makke fan in koartebaanwedstrid foar froulju yn de Prinsetún yn Ljouwert.

De tocht fan 1954

Sjoerd Steensma (1910-1995) wie mei-eigener fan Steensma en Zn. yn Boalsert. By beide tochten folge hy de koprinners. It filmke út 1954 begjint yn Harns. Dêr filmet Steensma de kopgroep fan seis, mei ek de lettere winner Jeen van den Berg. Dy is werkenber oan it startnûmer 40. Hy fynt de kopgroep letter werom yn Frjentjer en yn de snie by Berltsum. Dêr bringt hy ek de ferneamde Fryske fotograaf Sjoerd Andringa yn byld. Dy hâldt in radio fêst om it ferrin fan de tocht te folgjen.

It slagget Steensma om de kopgroep noch fêst te lizzen yn Dokkum. Dan moat it ek foar him in race west ha nei Ljouwert. Yn in grôtfolle Prinsetún leit hy fêst hoe't Jeen van den Berg as earste oer de streek komt, folge troch Aad de Koning en Jan Charisius. It slotbyld is de huldiging fan Jeen van den Berg mei de tulpekrâns en syn grutske heit.

Parsefotograaf Sjoerd Andringa mei transistorradio - Foto: Fries Film Archief

De tocht fan 1956

Yn 1956 begjint de film yn de omkriten fan Boalsert. Dêr is dúdlik te sjen hoe min oft it iis dêr doe wie. Hy pakt de kopgroep wer op yn Alde Leie. Dat wie doe ien fan de klúnplakken. Tiid om fierder te riden hie Steensma nei alle gedachten net. Hy nimt ús fuort wer mei nei de Prinsetún yn Ljouwert. Dêr wie it hast noch drokker as yn 1954. Minsken steane op de dakken fan de huzen.

Wat Steensma dúdlik yn byld bringt is it 'Pact van Vrouwbuurtstermolen'. De fiif koprinners hiene dêr ôfpraat tagelyk oer de einstreek te kommen. Dit wurdt net akseptearre troch it bestjoer fan de Alvestêdeferiening. De nûmer seis, Jeen van den Berg, wurdt dan ta winner útroppen, mar hy wegeret. De sjuery naam dêrop it beslút gjin winner út te roppen fan de tocht fan 1956 om't de fiif der gjin sportive wedstriid fan makke ha.

Foto: Fries Film Archief

Fries Film Archief

By it Fries Film Archief binne se wiis mei de bylden. Syds Wiersma: "It is echt in moaie prestaasje dat in amateurfilmer allinnich ditsoarte fan bylden makke hat. En dan ek noch yn kleur. Dat jout oan dat de man histoarysk besef hie. Foar ús is dit in pearel yn ús argyf."

De belangrykste films fan de famylje Steensma binne digitalisearre. Dat is dien yn it ramt fan it Deltaplan Digitalisering Cultureel Erfgoed Friesland (DDCE). Omrop Fryslân bringt yn gearwurking mei it Fries Film Archief de bylden dizze moandei nei bûten.

(advertinsje)
(advertinsje)