Ien Fries is 'superbliid' mei ferlies fan Hearrenfean: "Dit voelt altijd goed"

02 feb 2020 - 20:56

"Dit voelt goed. Het voelt altijd goed om te winnen." Dat seit Mark Diemers nei ôfrin fan de wedstriid tusken Hearrenfean en Fortuna Sittard. Hearrenfean ferlear. Diemers spilet by Fortuna, op it middenfjild. Hy kaam earder út foar Cambuur. Diemers is berne yn Ljouwert.

As ferslachjouwer Andor Faber seit dat it fuotbaljen fan Hearrenfean ek fan in bedroevend nivo wie, laket er.

Diemers wol net sizze dat Fortuna de wedstriid terjochte wûn hat. "Het was een rommelige wedstrijd, niet echt goed voetbal. Ik denk dat de gelukkigste gewonnen heeft."

"Je kunt mooi voetballen, driehoekjes maken op het middenveld, en met 4-1 verliezen, Dan heb ik liever dit."

It fjild yn it stadion fan Fortuna Sittard wie net bêst, seit Diemers. "Je had wel een paar schaatsen mee kunnen nemen. Dat is frustrerend, maar we moeten vandaag niet naar het veld kijken, maar naar de punten die we gehaald hebben. Daar ben ik supertrots op."

(advertinsje)
(advertinsje)