"Hearrenfean moat 'over-mijn-lijk-mentaliteit' weromkrije"

SC Hearrenfean moat de 'over-mijn-lijk-mentaliteit' weromkrije. Dat seit de twadde doelman, Filip Bednarek, nei ôfrin fan de wedstriid tsjin Fortuna Sittard. Hearrenfean ferlear. Yn 2020 ha de Friezen noch gjin punt helle yn de earedifyzje.
© www.orange-pictures.nl
Hearrenfean ferlear yn Sittard mei 2-1 troch persoanlike flaters fan de ferdigening.
Filip Bednarek is al oardel jier doelman by Hearrenfean, mar hy stie noch noait op it fjild. Syn debút wie teloarstellend, seit er. "Ik baal dat we hebben verloren. Daar houd ik het bij."
De ploech moat skerper wêze, seit er. "We moeten meer de 'over-mijn-lijk-mentaliteit' tonen. De doortastendheid ontbreekt."
REAKSJES FORTUNA HEARRENFEAN 1
"We zijn allemaal jonge jongens", seit Bednarek. "Ik inmiddels niet meer, ik heb twee kinderen, maar als je een hele jonge ploeg hebt, heb je te maken met instabiele hoofden. Dat zal vanzelf veranderen, dat is onderdeel van het proces."

"Soms is voetballen niet leuk"

Trainer Johnny Jansen kin him wol fine yn it oardiel fan Bednarek. "Soms is voetballen niet alleen maar leuk. Soms moet je ook de mouwen opstropen. Dan is het knokken en strijden. Dan moet je niet denken: 'Het komt wel goed'. Maar het is niet zo dat ze de kantjes eraf lopen."
REAKSJES FORTUNA HEARRENFEAN 2
Jansen skrikt der net fan, dat Hearrenfean yn 2020 noch gjin punt helle hat. "Laten we eerlijk zijn: voor de winter hebben we iets heel moois neergezet. Het kan niet zo zijn dat dat binnen een maand weg is. We moeten niet in de war raken, dat is nergens voor nodig."