Blamaazje yn Sittard: Hearrenfean ferknoeit foarsprong en ferliest mei 2-1

02 feb 2020 - 21:22

SC Hearrenfean hat de wedstriid tsjin Fortuna Sittard ferlern. Persoanlike flaters fan de Friezen joegen Fortuna twa kear de kâns op in doelpunt. Twa kear wie it rekke.

Foto: www.orange-pictures.nl

It is de tredde kear op rige dat Hearrenfean in kompetysjewedstriid ferliest. AZ wie in wike lyn mei 2-1 te sterk foar de Friezen, en de wike dêrfoar makke Feyenoord mei 3-1 dien wurk.

Even seach it der goed út foar Hearrenfean. Mitchell van Bergen skoarde it earste doelpunt tsjin Fortuna, dat wie al nei seis minuten.

Troch in flater yn de ferdigening kaam Fortuna 10 minuten letter op likense hichte. Felix Passlack skeat de bal yn de fiere hoeke achter keeper Filip Bednarek. Dy stie ûnder de latte by Hearrenfean, omdat de fêste doelman Warner Hahn in lichte blessuere hie.

Yn de twadde helte wiene de bêste kânsen foar Hearrenfean, mar Fortuna kaam in kertier foar de ein op foarsprong troch in eigen doelpunt fan Sven Botman. Einstân: 2-1.

Fortuna Sittard - SC Hearrenfean 2-1 (1-1) 6. Van Bergen 0-1; 15. Passlack 1-1; 74. Botman 2-1 (eigen doelpunt).

Opstelling Hearrenfean: Bednarek , Van Rhijn, Dresevic, Botman, Floranus, Veerman, Faik (81. Halilovic) , Kongolo (72. Bruijn), Ejuke, Odgaard (72. Espejord), Van Bergen.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
(advertinsje)
(advertinsje)