"Grutte gemeenten binne in probleem foar de iiswegesintrales"

De iiswegesintrales ha har struktuer net oanpast oan de gemeentlike weryndieling. Dat sei iismaster Sytse Kroes fan de Friesche IJsbond. De ferbining ferdwynt as gemeenten grutter wurde. De Alvestêdeferiening hat dêr ek lêst fan, seit Wiebe Wieling.
© ANP
Yn Fryslân binne der 22 iiswegensintrales. De measten binne fan âlds keppele oan de gemeenten. Mar nei de weryndieling besteane dy gemeenten net allegearre mear.
Omdat de rayonhaden fan de Alvestêdeferiening faak by de gemeenten wurken, koene se beskikke oer it materiaal en de minsken fan de gemeenten, as dat nedich wie, seit foarsitter Wiebe Wieling fan de Alvestêdeferiening.
"As de gemeenten sa grut wurde dat dy ferbining der út is, dan moatst op in oare manier sjen dat dat wer werom komt. Oer hiel Fryslân is dat geande."
Wieling sei dat yn it radioprogramma Buro de Vries, yn in spesjaal iisfoarum, dat him fanwege de iiswike by de Omrop bûgde oer ferline en takomst fan de iiskultuer yn Fryslân. Te gast wiene Sytse Kroes, Wiebe Wieling, Hedman Bijlsma en Sippy Tigchelaar.
Sytse Kroes (iiswegesintrale) en Wiebe Wieling (Alvestêdeferiening): "De struktuer is der net mear"
It foarum wie opmerklik optimistysk oer de fraach oft it ea wer winter wurde sil. Neffens Wieling wolle alle ynstansjes dan meiwurkje oan in eventuele tocht. "As it der mar in bytsje op liket, wurdt der in farferbod ynsteld en op gemeentlik mêd wurket elk ek fan herte mei."
Kroes fernimt ek dat de reewilligens grut is om saken te regeljen, mar sjocht dat der ek noch wol it ien en oar oanpast wurde moat.
Sytse Kroes, Wiebe Wieling, Hedman Bijlsma en Sippy Tigchelaar © Omrop Fryslân, René Koster