Kolleezje Weststellingwerf wol fjouwer ton foar sintrumfisy Wolvegea

It kolleezje fan Weststellingwerf wol 400.000 euro hawwe foar de tarieding fan de plannen foar it fernijde winkelsintrum yn Wolvegea. Doel is om it winkelsintrum yn it doarp kompakter en oantrekliker te meitsjen.
It gemeentehûs fan Weststellingwerf © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Om't der ferskate fazen yn it proses trochrûn wurde moatte en der ûndersyk dien en oerlein wurde moat mei alle belutsenen, is it neffens it kolleezje needsaaklik dat in projektorganisaasje opset wurdt. Dêrom is ien dei yn de wike Majolée RetailVastgoedAdvies ynhierd as strategysk adviseur. Der is struktureel oerlis tusken de strategysk adviseur en de bedriuwemanager dy't troch Winkeliers- en Ondernemersvereniging Wolvegea ynhierd is.
"De huidige samenwerking biedt perspectief voor het realiseren van het gezamenlijke doel, te weten een compact en aantrekkelijk winkelcentrum in Wolvega", seit it kolleezje. De projektorganisaasje sil fierder bestean út in projektlieder en sekretariële en kommunikaasjestipe. Ek komt der in stjoergroep.

Foars 'needsaaklik' bedrach

It kolleezje sit no yn de faze fan tarieding om te kommen ta in sintrumfisy en in útfieringsprogramma. "Wij stellen u nu dan ook voor om een krediet van 400.000 beschikbaar te stellen ter financiering van de voorbereidingskosten." It giet neffens it kolleezje om in foars 'needsaaklik' bedrach oan tariedingskosten.
Op koarte termyn wol it kolleezje mei in passante-ûndersyk konsuminten belûke by it proses en 'input' ophelje. By ynspiraasjegearkomsten sille ferskate belutsen partijen ynbring jaan kinne. "Bij het opstellen van de visie en het daaraan gekoppelde uitvoeringsprogramma zullen de diverse betrokken worden uitgenodigd ook een bijdrage te leveren."