Winterfytsalvestêdetocht swier troch reinwetter

Sneintemoarn betiid stapten se op 'e fyts: de dielnimmers fan de sechsde edysje fan de Winterfytsalvestêdetocht. By de Alvestêdehal yn Ljouwert sette de fytstocht útein en dit jier skreaune leafst 1.200 minsken harren dêrfoar yn. De Wensink Winterfiets Elfstedentocht stiet iepen foar alle fehikels dy't op it fytspaad thús hearre, dus fan step oant lisfyts en fan e-bike oant racefyts.
Dielnimmers alternative Tocht der Tochten stappe al betiid op de fyts
De tocht sette dit jier foar alle ôfstannen útein yn Ljouwert. De fytstocht bestiet út trije rûtes, fan likernôch 90, 140 en 200 kilometer. De folsleine rûte fan 200 kilometer giet by alle alve stêden, it brechje fan Bartlehiem en de tegelbrêge del.
Der binne ek twa ferkoarte rûtes. De 140 kilometer stekt fan Drylts troch nei Boalsert en slacht de Súdwesthoeke oer. De tocht fan 90 kilometer slacht ek Dokkum oer en giet fan Frjentsjer direkt nei de finish yn Ljouwert.
© Omrop Fryslân
De finish is dit jier foar elkenien yn de Blokhûspoarte yn Ljouwert. Dêr binne oan de ein fan de rit muzikale optredens. Njoggen bands stride yn de Winterelfsteden Bandcompetitie om in optreden yn Noardewyn Live fan Omrop Fryslân. Sawol de fytstocht as de bandkompetysje wurde organisearre troch stichting Friesland Beweegt.