Wij Lokaal Eaststellingwerf wol opheldering oer leechfleanrûte

De riedsfraksje fan Wij Lokaal yn de gemeente Eaststellingwerf wol witte wat it kolleezje fynt fan de plannen fan Definsje om in leechfleanrûte foar strieljagers nei achttjin jier wer nij libben yn te blazen. De partij hat skriftlike fragen steld.
It gemeentehûs fan Eaststellingwerf © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Wolter Slager fan Wij Lokaal seit skrokken te wêzen fan de berjochtjouwing yn de ferskate media oer it wer yn gebrûk nimmen fan de rûte. "Vele inwoners weten nog de overlast en schade die in het verleden is ontstaan door het laagvliegen. Heftige schrikreacties, stress en lawaaioverlast voor onze inwoners zijn te verwachten", seit er. Slager makket him ek soargen oer it útbrekken fan fee en it fersteuren fan briedfûgels en oare bisten.
Slager: "Door laagvliegen weer toe te staan wordt een forse claim gelegd op het welbevinden van mens en dier." Hy fynt it yn 2020 net mear akseptabel dat der fan oerheidswegen slimme oerlêst feroarsake wurdt foar in grut oantal ynwenners fan ferskate gemeenten yn ûnder oare Fryslân, Drinte en Oerisel.

Gearwurking

De lokale fraksje freget oft it kolleezje yntusken in miening foarme hat oer de plannen en oft der al aksje ûndernaam is rjochting provinsjale en lanlik oerheden. Ek freget Wij Lokaal oft der al sprake is fan gearwurking mei de oare gemeenten dy't yn de leechfleanrûte lizze.
Slager fynt de wize wêrop't ynwenners, mar ek de lokale polityk, konfrontearre wurde mei dizze plannen fan Definsje "stuitend". "Voor Wij Lokaal is het onacceptabel dat herinvoering van de laagvliegroutes serieus wordt overwogen."