Plysje hâldt grutte taksykontrôle yn Ljouwert

De plysje hat sneontenacht in grutte taksykontrôle hâlden yn Ljouwert. Dit diene se nei oanlieding fan meardere klachten de ôfrûne tiid oer wangedrach fan taksysjauffeurs. Yn totaal binne sechstjin taksys kontrolearre.
In taksy © Shutterstock.com
De plysje hold de kontrôle op it Saailân en de Stasjonswei, yn gearwurking mei Inspectie Leefomgeving en Transport en mei Handhaving.
Der binne ferskate prosessen-ferbaal opmakke tsjin taksysjauffeurs: trije kear foar it riden sûnder tarive- of klachtekaart en ûnder oare foar it riden mei in ferrûne taksymjitter en it net hawwen fan in kentekenbewiis.
De ynstânsjes sizze, sjoen de resultaten, op termyn wer in kontrôle te hâlden.