Fan oantinkens oant dream: jonge en âlde reedriders langje nei echte winter

Oft se no jong as âld binne, reedriders langje nei wer in moaie winter mei in moaie iisflier yn sleatten, fearten en marren. De âldere generaasje wit noch hoe't dat wie, de jongste riders witte kwealik wat bûtenriden echt is. En dochs dreamt ek de binnendoargeneraasje riders fan swalkjen troch de provinsje oer de Fryske wetters.
Alderein traint yn de Alvestêdehal © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
Al binne der hast gjin echte winters mear, it reedridersbloed krûpt by jongere bern troch de ieren. Sy hâlde fan de snelheid, de frijheid fan swalkjen oer iis en hawwe dreamen oer in Alvestêdetocht.
Mar de âldere generaasje is ek noch manmachtich oanwêzich op de iisbanen yn Fryslân. Benammen manlju oant boppe de 80 jier meitsje wykliks en somtiden meardere kearen yn 'e wike harren rûntsjes oer it iis. Bocht nei bocht wurdt ôfwurke, mar úteinlik allinnich mar om, as it wer kin, op bûteniis te riden. Foar de measte âldere riders is it in oantinken oan moaie tiden en yn harren belibbing koene sy as bern hast alle winters wol te riden op de Fryske fearten.

Dreambyld

Se kinne harren dan ek hiel goed heuge hoe't se it reedriden learden. Op sleatsjes achter in stoel, dat is it byld fan doe. En jûns nei de iisbaan yn it doarp. En dan tochten ride. Oeral hinne. De measte minsken binne tige wiis mei de hallen, mar dat bûten bliuwt dochs it dreambyld. In inkeling hat dat net. Ien fan de manlju is bliid dat hy net mear nei bûten hoecht. Gjin wyn, gjin skuorren en altyd moai glêd iis.
Antje wol nei de Olympyske Spelen © Omrop Fryslân, Simone Scheffer
En dat is dêr't de jongste generaasje eins mei opgroeid is. Bern fan ûnder de 12 ha miskien ien jier echt bûten ride kinnen, benammen op de iisbaan. Echte tochten koene de lêste jierren net. De bern leare it riden op binneniis ûnder perfekte omstannichheden en binne benammen traind op bochten en technyk.

Selde fjoer en leafde

Dochs ha se itselde fjoer en deselde leafde foar it riden as de âlderen. Snelheid fine se moai, en ek bern neame frijheid as gefoel by reedriden. De measten dreame fan de Olympyske Spelen, mar foaral ek fan dy iene tocht: de Alvestêdetocht. Ien fan de bern seit dat hy, as it kin kwa leeftiid, fuort lid wurdt fan de feriening.
En Antje, in njoggenjierrich famke dat seis kear yn 'e wike te trainen giet en somtiden nei trije oeren noch tsjin har sin fan it iis ôfhelle wurde moat, liket it geweldich om bûten tochten te meitsjen. Troch de natuer, dat liket har hiel moai. "Dêr wurd ik bliid fan", seit se. Mar oer tsien jier wol se op de Olympyske Spelen stean. Sa hawwe alle riders harren dreamen. De bern oer de takomst, de âlderen oer it ferline.

Klimaatferoaring

De takomst sjogge de measten net hiel optimistysk yn 'e mjitte. De measte riders dy't we treffe, tinke dat troch de klimaatferoarings de kâns op swalkjen oer fearten en sleatten hieltyd lytser wurdt, lit stean dat der noch in Alvestêdetocht komt. Mar jo witte mar nea... Dus hup, noch mar in rûntsje!
Jong en âld hâldt fan ride yn de natuer
De doarren fan it radioprogramma Buro de Vries binne sneins oerdei iepen fan 11.00 oant 13.00 oere. Sneintejûns kinne jo it programma nochris beharkje om 21.00 oere.