Plysje warskôget foar oplichter yn omjouwing Dokkum

02 feb 2020 - 07:56

De plysje Noardeast-Fryslân warskôget foar in oplichter yn de omjouwing fan Dokkum. Der binne ôfrûne tiid ferskate meldingen binnenkaam oer in 30-jierrige man dy't minsken oan hûs, foarbygongers of winkeljend publyk freget om jild.

Foto: Plysje

Dat docht hy troch in sneu ferhaal op te hingjen, yn de hoop dêr jild mei te krijen. Dêrneist benaderet hy minsken foar it ôfsluten fan in telefoanabonnemint. Ek soe hy iten en drinken besteld hawwe yn hoarekagelegenheden sûnder te beteljen. It ûndersyk nei de man is neffens de plysje noch yn folle gong.

(advertinsje)
(advertinsje)