Bestelbus slacht meardere kearen oer de kop by Ljouwert

02 feb 2020 - 07:40

Op de N31 by Ljouwert is yn de nacht fan sneon op snein in bestelbus meardere kearen oer de kop slein.

Foto: Kappers Media

It ûngelok barde om 4.00 oere hinne. Troch ûnbekende oarsaak rekke de bus fan de dyk. De wein sloech meardere kearen oer de kop en kaam op syn tsjillen yn it gers ta stilstân. Beide ynsitters rekken ferwûne en binne nei it sikehûs ôffierd.

Trefwurden: 
Ljouwert ûngelok N31 bestelbus
(advertinsje)
(advertinsje)