Groep famkes oanriden yn Aldwâld; twa ferwûnen

02 feb 2020 - 13:26

Op de Hústernoard yn Aldwâld binne sneontejûn twa famkes ferwûne rekke nei in oanriding. De twa rûnen mei yn in groep fan ûngefear sân famkes, dy't meidie oan in saneamde 'hunted dropping' út Westergeast wei.

Foto: De Vries Media

In automobilist ried troch ûnbekende oarsaak de groep famkes oan. Troch de klap foelen der trije famkes yn de berm. Sy binne yn in ambulânse kontrolearre. Twa fan harren binne nei it sikehûs ferfierd. De automobilist rekke net ferwûne.

(advertinsje)
(advertinsje)