Flyers sûnder problemen foarby Antwerp Phantoms

02 feb 2020 - 12:00

De iishockeyers fan UNIS Flyers ha sneontejûn mei 10-0 wûn fan de Antwerp Phantoms. Mei noch fjouwer wedstriden te gean steane de Feansters alinne oan kop yn de BeNeLeague.

Flyers sûnder problemen foarby Antwerp Phantoms

De Flyers kamen al nei in pear minuten op foarsprong. Yn in powerplay skoarde Ronald Wurm de 1-0. Yn de sânde minút wie it al 2-0 doe't Trevor Petersen de hiele Antwerpse definsje útspile. Fjouwer minuten letter skode Bezak de puck oer it iis it doel yn: 3-0. Yn de fjirtjinde minút waard it 4-0 doe't Petersen in moaie oanfal fan de Flyers ôfrûne.

Flyers - Antwerp kwoot

Yn de twadde perioade waard de foarsprong noch wat útwreide. Lars den Edel soarge foar de 5-0 en in pear minuten letter makke Petersen der 6-0 fan.

Juha Kiilholma makke der yn de tredde perioade 7-0 fan en yn de slotfaze skoarden Den Edel en Tevor Hunt ek noch. Petersen sette krekt foar tiid de 10-0 einstân op it skoareboerd.

Agrarisch Natuurfonds Fryslân

De Flyers spilen yn in spesjaal tenu yn ferbân mei in aksje foar it behâld fan greidefûgels.

Ferdinand de Jong yn petear mei Rendert Algra en deputearre Douwe Hoogland

Flyers - Antwerp Phantoms: Fûgelshirt

(Advertinsje)
(Advertinsje)