Foarsprong ferdwynt as snie foar de sinne: LDODK ferliest yn extremis fan DVO

02 feb 2020 - 11:30

Yn de striid om de play-offs hat LDODK minne saken dien. Yn Sporthal Koartsweagen ferlear de kuorbalploech út Terwispel/De Gordyk mei 31-34 fan DVO út Bennekom.

Foto: LDODK.nl

De teams holden it yn de earste helte spannend. Sy kamen beide in oantal kear op foarsprong mar it gat waard nea hiel grut. De stân gie op en del: LDODK kaam mei 3-0 foar, DVO naam dêrnei de lieding mei 9-12 en de Gordyksters setten dat wer om yn 16-13. De teams giene mei 17-15 it skoft yn.

Nei it skoft wreide LDODK de foarsprong stadichoan út ta 29-24, mar yn de lêste tsien minuten wisten de besikers dat hiel rap werom te bringen nei in 30-30 gelyk. Yn de slotfaze kaam DVO op foarsprong. It waard úteinliks 31-34 foar de ploech út Bennekom.

Topskoarders

By LDODK wie Erwin Zwart goed foar 12 doelpunten. André Zwart skoarde sân kear. By DVO wie Gertjan Meerkerk op skot mei njoggen goals, en Koen van Roekel makke der acht.

LDODK stiet no op it tredde plak fan de Kuorbal League, mei 16 punten út 12 duels, mar it ferskil mei de efterfolgers is lyts. Koprinner is PKC mei 18 punten, TOP(S) is twadde mei 17 punten. KZ is fjirde mei ek 16 punten. Ek Fortuna en DOS'46 meitsje noch kâns op de play-offs. DVO stiet sânde mei 13 punten.

Striid om play-offs tige spannend

LDODK stiet no op it tredde plak fan de Kuorbal League, mei 16 punten út 12 duels, mar it ferskil mei de efterfolgers is lyts. Koprinner is PKC mei 18 punten, TOP(S) is twadde mei 17 punten. KZ is fjirde mei ek 16 punten. Ek Fortuna en DOS'46 meitsje noch kâns op de play-offs. DVO stiet sânde mei 13 punten.

Takom sneon spilet LDODK yn Nijeveen de noardlike derby tsjin DOS'46. De Drinten steane sechsde en ha mar twa punten minder as de Friezen.

(advertinsje)
(advertinsje)