VC Snits wis fan kampioenspûl nei maklike oerwinning op Peelpush

01 feb 2020 - 21:10

De follybalsters fan VC Snits ha sneontejûn mei 3-0 wûn fan Peelpush út Meijel. De sets einigen yn 25-12, 25-21 en 25-11.

Foto: Orange Pictures

De Snitsers setten goed útein troch de earste set mei 25-12 te winnen. In wichtige rol wie der foar Nienke Tromp, dy't ûnder oaren mei in servesearje de foarsprong fan 13-8 nei 19-8 brocht. It wie Peelpush dat de twadde set better like en lang op foarsprong stie, mar de Snitsers pakten de foarsprong wer en wûnen ek de twadde set. It waard 25-21.

Snits en Peelpush giene yn de tredde set efkes lyk op, mar al gau krigen de Snitsers in grutte foarsprong. Dat wie foaral te tankjen oan Roos van Wijnen. Sy servearre fan 14-9 nei 22-9. Uteinlik waard de tredde set wûn mei 25-11.

Kampioenspûl

VC Snits bliuwt fjirde op de ranglist. Nije wike nimme de Snitsers it op tsjin Dros-Alterno, dat is de lêste wedstriid fan de reguliere kompetysje. Dêrnei spylje de bêste seis teams in kampioenspûl.

Sjoch hjirûnder nei de reaksjes fan trainer Henriëtte ter Steege, en spylsters Lieze Braaksma en Monique Volkers.

Trefwurden: 
follybal VC Snits Peelpush
(advertinsje)
(advertinsje)