Brexit: Ljouwert hinget Skotske flagge foar stasjon

Dat Grut-Brittannië offisjeel ôfskied naam hat fan de Europeeske Uny, is foar de oplettende sjogger ek yn Ljouwert te fernimmen. Op it plak dêr't earder de Britske 'Union Jack' hong, hinget no flagge fan Skotlân.
Omdat Ljouwert yn 2018 kulturele haadstêd fan Europa wie, binne der doe 14 flaggemêsten pleatst foar it stasjon, mei elk 2 flaggen deryn. Ien foar elk lân fan de Europeeske Uny. Mar nei de Brexit binne dat der gjin 28 mear, mar 27.
It is opmerklik dat de Skotske flagge der no hinget, omdat dat lân sûnt de Brexit ek gjin ûnderdiel mear útmakket fan de EU.

"We mogen zelf bepalen welke vlaggen we ophangen"

Kultuerwethâlder Sjoerd Feitsma wie foar Omrop Fryslân net te berikken. Yn it Friesch Dagblad seit er dat er der noch oan tocht hie om in flagge fan de EU op te hingjen, of in reinbôgeflagge, mar neidat er foarige wike yn Edinburgh wie, keas er de Skotske flagge.
"Ik merkte dat het de Schotten erg hoog zit dat ze straks niet meer in de EU zitten en dat ze de Europese vlag in het Schotse parlement moeten strijken."
Feitsma seit yn it deiblêd dat de Skotske flagge as grap bedoeld is, mar ek dat er foar ûnbepaalde tiid hingjen bliuwt. "Dit is geen officieel terrein dus mogen we zelf bepalen welke vlaggen we hier ophangen."