Iuwenâlde grêfkelder fûn neidat kroechbaas tsjerkeflier iepenbrekt

02 feb 2020 - 13:24

De grêfkelder fan Jonker Sicke Van Dekema is weromfûn yn de tsjerke fan Jellum. Yn de kelder lizze nei alle gedachten de resten fan de Jonker en syn frou. Dat waard dúdlik neidat in kroechbaas de flier út de tsjerke bruts.

De eigener fan de kroech, Allard van der Haring, docht mei syn skoanheit Klaas Speelman al skoftenlang ûndersyk nei Sicke van Dekema en Mammema State.

Yn de jierren '80 ha der alris opgravings west nei Mammema State yn Jellum. Doe is in part fan de âlde state fan de Jonker bleatlein. De fraach wie lykwols altyd al wêr't Sicke fan Dekema sels te hôf brocht is.

Houten flier oer de grêfstiennen

De tsjerke wie in logysk plak, mar om't dy twa kear oant de grûn ta ôfbaarnd is, wiene der gjin dúdlike spoaren mear. Doe't de tsjerke foar de lêste kear weropboud is, is in houten flier oer de grêfstiennen lein.

Van der Haring en Speelman krigen tastimming fan it tsjerkebestjoer en ha de flier iepenbrutsen. Doe fûnen se de grêfkelder mei dêryn seker de resten fan trije minsken.

It is de bedoeling de kelder wer sichtber te meitsjen. Sa soe der bygelyks in glêzen plaat oerhinne lein wurde kinne.

(advertinsje)
(advertinsje)