FIDEO: Tsientallen bern bine de redens ûnder op Omrop Fryslân-keunstiisbaan

It wie drok op De Knipe. Tsientallen bern bûnen de redens ûnder om rûntsjes te meitsjen op de keunstrydbaan dy't it doarp by Omrop Fryslân wûn hie.
Drokte op De Knipe troch keunstrydbaan
It is dizze wike iiswike by Omrop Fryslân, mei de keunstrydbaan as ultime priis. IIsferieningen By Joun Utfoun en Eensgezindheid fan De Knipe ha de baan wûn.
Dus ek al lei der gjin iis, de bern yn it doarp koene dochs reedride. En net allinnich ride: it doarp hie noch folle mear regele om yn de winterske sfearen te kommen.
Der wie muzyk, koek en zopie en sels in curlingbaan. En ek al wie it efkes wennen dat de baan net fan iis wie, de bern ha in moaie middei hân.