Comeback smyt Bûtenpost trije punten op, Harkemase Boys en ONS Snits ferlieze

De fuotballers fan Bûtenpost hat goeie saken dien troch DETO mei 4-2 te ferslaan. Mei it skoft stiene se noch mei 2-0 efter. ONS Snits en Harkemase Boys hiene in mindere middei. Beide treddedifyzjonisten ferlearen.
Iloba Achuna besiket Lisse fan skoaren ôf te hâlden © Orange Pictures
Treddedifyzjonist ONS Snits naam it yn Heemskerk op tsjin ODIN'59, de nûmer trije fan de kompetysje, en Harkemase Boys spile thús tsjiin FC Lisse, de nûmer sân.

Harkemase Boys ûnderút op De Bosk

Al nei in kertier kaam Lisse op foarsprong. Ayoub Ait Afkir krige de bal yn it sechtjinmetergebiet, spile syn man út en skeat de bal efter keeper Erick Jansema. Goed fiif minuten letter wie it ek al 2-0 troch in doelpunt fan Tom Duindam.
De Harkiten besochten yn de twadde helte werom yn de wedstriid te kommen. Sy setten druk en krigen ek wol wat kânsen, mar it doelpunt foel oan de oare kant. Tom Duindam beslikke de wedstriid mei syn twadde doelpunt fan de middei: 3-0.

ONS achteroan nei ferlies yn Heemskerk

ODIN'59 skeat út de startblokken mei in pear grutte kânsen, en makke yn de njoggende minút de 1-0. It wie Sietse Brandsma dy't skoarde. Noch gjin twa minuten letter wie it ek al 2-0 doe't Jim Hulleman fan ôfstân de bal oer keeper Van der Dam skeat.
Krekt foar it skoft krigen de Snitsers in strafskop, nei't de ODIN-ferdigening oan de needrem luts. Tyson dos Santos naam de penalty en skeat de bal spikerhurd binnen: 2-1.
Yn de twadde helte waard it ferskil al gau wer útwreide troch de Heemskerkers. Niels Jager tikke in foarset maklik yn it doel. Krekt foar de ein makke Brandsma der ek noch 4-1 fan. Troch it ferlies sakket ONS werom nei it lêste plak, op doelsaldo efter VVOG.

Trije punten foar Bûtenpost nei comeback tsjin DETO

Yn Vriezenveen spile vv Bûtenpost, de hikkesluter fan de haadklasse B, in wichtige wedstriid tsjin vv DETO. Dy klup stiet mei sân punten ferskil ien plakje boppe de 'Blaukes'.
Nei wat kânskes oer en wer wie it DETO dat de foarsprong pakte troch in doelpunt fan Ferdi ter Avest. Nei in goed healoere waard it hast 2-0, mar Danny Boersma koe de bal noch krekt fan de line helje. Efkes letter wie it wol raak doe't Ter Avest oer links trochbruts en yn de fiere hoeke binnen skeat.
Fuort nei skoft brocht Rolf Dijk wer wat spanning yn de wedstriid troch de 2-1 te meitsjen. Mei noch tweintich minuten te gean krigen de Blaukes in strafskop. En DETO-oanfierder Wiebe Kram moast it fjild ferlitte om't er kommentaar hie op de skiedsrjochter.
Ferdigener Robin Huisman de Jong skeat de strafskop binnen en brocht de stân sa wer lyk: 2-2. Fiif minuten foar it ein wie de 'comeback' kompleet: Rolf Dijk skeat de 3-2 binnen.
Yn de ferlinging makke Rudmer Loonstra it feest noch grutter, hy strafte in grutte fout yn de ferdigening fan DETO ôf bepaalde de einstân op 4-2.