Man (23) út Kollumersweach komt om by ûngelok yn Dútslân

01 feb 2020 - 21:48

In 23-jierrige man út Kollumersweach is om it libben kaam by in ferkearsûngelok yn Dútslân. Twa oaren rekken ferwûne. Dat meldt RTV NOF.

It is net dúdlik hoe't it ûngelok ûntstean koe. Neffens RTV NOF rekke de man op de ring om München fan de dyk, en kaam er op de oare rydbaan telâne. In tsjinlizzer koe him net mear ûntwike.

It slachtoffer ferstoar sneontemoarn betiid op it plak fan it ûngelok. Syn byrider is, krekt as de bestjoerder fan de oare auto, nei it sikehûs brocht. It is net dúdlik hoe't se der oan ta binne.

Trefwurden: 
Kollumersweach
(advertinsje)
(advertinsje)