PvdA Hearrenfean wer selsstannich nei rebûlje by âld bestjoer

De PvdA-ôfdieling fan It Hearrenfean hat in nij bestjoer. Yn oktober wie der rebûlje yn de ôfdieling. It folsleine bestjoer stapte op, en it gewestlik bestjoer naam de toutsjes yn hannen.
© ANP
Ald-wethâlder Coby van der Laan hat mei Febo Perdok in analyze makke fan de problemen en de ûntstiene sitewaasje. Se konkludearje dat der net in hiel soad mis wie yn de ôfdieling, dat de leden in protte wolle, en dat de kommunikaasje dêroer net oerhold.
De leden ha no unanym in nij bestjoer keazen. Dat bestiet út Frans Bouwers (foarsitter), Froukje Pool-Smeding (skriuwster) en Pieter de Haan (ponghâlder).
Se sykje fierder om oanfolling fan it bestjoer. En der sil wurke wurde oan bettere gearwurking en kommunikaasje. It gewest Fryslân hat hjirmei de ferantwurdlikheid wer werom jûn oan de ôfdieling.