Dennis Veenker sânde op wrâldbeker yn Sankt Moritz

01 feb 2020 - 15:00

Dennis Veenker fan Damwâld is sânde wurden op de wrâldbeker bobslydzjen yn St. Moritz yn Switserlân. Yn de twamansbob mei piloat Ivo de Bruin sette hy syn bêste resultaat yn de wrâldbeker oant no ta del.

Foto: IBSF

Veenker en De Bruin setten tiden del fan 1.07:76 en 1:07.75, de sânde en njoggende tiid. Dat wie genôch om it sânde plak feilich te stellen.

Trefwurden: 
Dennis Veenker bobslydzjen
(advertinsje)
(advertinsje)