Soargen oer oanhâldende brannen yn Drachten: "Hoe krije se it yn de holle?"

01 feb 2020 - 22:10

Minsken yn Drachten binne der net gerêst op. Faaks liket it derop dat der alle jûnen wat yn de brân fleane kin. Foarige wike hat de plysje twa jonges oanholden, mar dêrmei is der gjin ein kaam oan de brannen.

Foto: De Vries Media

De ôfrûne tiid ha der tsientallen nachtlike brannen west yn Drachten. De plysje tocht dat der wolris sprake wêze koe fan brânstichting.

Jonges stekke hage yn de brân mei in plysjeman der yn

Foarige wike koe in plysjeman twa jonges oanhâlde, doe't se de hage yn de brân stutsen dêr't hy him yn ferskûle hie. Se wiene 13 en 14 jier âld.

De oanhâlding fan de jonges hat gjin ein makke oan de rige fan brannen. Ien kear wie der in brân yn in hûs fan minsken dy't net thús wiene, en twa kear wie der brân yn in kontener ûnder de grûn.

Dit liket nergens nei

"We fine it hiel ferfelend", seit in frou dy't yn Drachten wennet tsjin ferslachjouwer Hayo Bootsma. "Dit liket nergens nei. By ús is foarich jier ek in hage yn de brân flein. Dêr ha minsken tiden wurk fan hân, om dy hage sa grut te krijen. It is skandalich!"

Ferslachjouwer Hayo Bootsma is yn Drachten: "Soe hjir in pyromaan aktyf wêze?"

Trefwurden: 
Drachten brân
(advertinsje)
(advertinsje)