Redens sa fier't je sjen kinne, en net ien dy't se keapet: Zandstra longeret nei de winter

De stellingen lizze grôtfol, mar dochs hâlde se net op mei it meitsjen fan redens by Zandstra op De Jouwer. Se riede har ta op in winter, dy't miskien noait mear komt.
Zandstra Redens de Jouwer
Hoefolle redens oft der presys lizze, wol bedriuwslieder Marco Vlap net sizze. "Dat geven we nooit prijs. Maar het zijn er op dit moment te veel." Se bliuwe der lizzen, oant de fraach tanimt.
Vlap makket him der net drok oer. "Er komt vanzelf een moment dat Nederland weer gek is in de kop. Dat wil iedereen schaatsen hebben. Een natuurijsperiode komt er zeker aan."
Fan moandei 27 jannewaris oant en mei snein 2 febrewaris is de iiswike by Omrop Fryslân. Under oare yn Buro de Vries en Snein yn Fryslân is der omtinken foar de winter. En op omropfryslan.nl is in radiostream mei muzyk fan de iisbaan.