Jan Rijpstra nije foarsitter fan Nationale Raad Zwemveiligheid

01 feb 2020 - 13:51

Boargemaster Jan Rijpstra fan gemeente Smellingerlân is de nije foarsitter fan de Nationale Raad Zwemveiligheid. Rijpstra is sneon begûn mei syn funksje. It doel fan de stichting is om de swimfeiligens fan de Nederlânske befolking op in sa heech mooglik nivo te bringen.

Foto: Omrop Fryslân

As Keamerlid foar de VVD (tusken 1994 en 2005) pleite hy foar ûndersyk nei de ynset fan drinkelingedeteksjesystemen yn swimbaden. Dêr waard in miljoen euro foar frijmakke. Fierder hat Rijpstra bestjoerlike ûnderfining op it mêd fan (handikapte-)sport en in breed netwurk yn de Nederlânske sportwrâld, meldt de stichting.

De ôfrûne fjouwer jier hat Rijpstra him as foarsitter fan de Reddingsbrigade Nederland sterk makke foar swimfeiligens yn iepen wetter.

(advertinsje)
(advertinsje)