Op & Ut: Hylpen werom yn 'e tiid en fjildûle Romke fjocht de wrâld oer

01 feb 2020 - 13:41

Dizze sneon giet Op & Ut in stikje werom yn de tiid. Yn Hylpen is der in foarstelling oer it winterske libben yn de 18e iuw en it Warnser Bach Ensemble fiert it 20-jierrich bestean.

Winterske foarstelling yn Hylpen

De feriening Aald Hielpen sil snein werom nei de 18e iuw mei de foarstelling Winter yn Hylpen. In optreden mei sang, dûns en toaniel.

Warnser Bach Ensemble fiert feest

It Warnser Bach Ensemble presintearret sneon 8 en snein 9 febrewaris twa jubileumkonserten yn Boalsert en op It Hearrenfean. It programma bestiet ûnder oare út in fertolking fan it Magnificat fan Johann Sebastian Bach en in spesjaal jubileumliet mei in bernekoar.

Fryske Fjildûle fljocht fier fuort

Yn de Natuerrubryk fan Johan de Jong it ferhaal fan fjildûle Romke dy't hielendal opdûkt yn in lân dêr'tst de fûgel net direkt ferwachtest. Ek praat hy ús by oer de opfallendste resultaten fan de Nasjonale Túnfûgeltelling.

De túntips fan Klaas Piekstra

Túnman Klaas Piekstra praat ús by oer it ûntwerpen fan dyn tún. De moanne febrewaris is in prima momint om plannen te meitsjen foar it ferbouwen fan dyn tún. Bygelyks ast fan plan bist om dyn terras oan te pakken.

Valentijnskonsert

Muzikant Wiebe Kaspers sil yn de tsjerke fan Jorwert op 14 febrewaris in Valentijnskonsert jaan mei syn band.

Anne Tsjerkstra

Hy ried trije kear de Alvestêdetocht en eksposearret no 24 portretten yn it Fries Scheepvaart Museum yn Snits mei winners fan de Tocht der Tochten.

(advertinsje)
(advertinsje)