Omrop TIP: Winterwaar op komst

01 feb 2020 - 13:30

Klimaatferoaring hat de gewoanten fan de guozzen yn de war skopt. Yn 1970 gie Johan van der Zee fan Gewest tot Gewest nei de Bandpolder by Peazens. Behearder Hoekstra fertelt dat der op in dei pauguozzen yn de polder delstrutsen. Earst in pear hûndert, dêrnei in pear tûzen en sa alle jierren mear. Dat wie in nij en bysûnder fenomeen foar de Bandpolder.

Yn 1970 wiene it sa'n 25.000, fertelt Hoekstra. It oantal oerwinterjende guozzen is sûnt dy tiid allinnich mar tanommen. Skattingen binne dat der winterdeis yn Nederlân sa'n 2,5 miljoen guozzen omstappe. Yn Fryslân in miljoen.

Behearder Hoekstra fan de Bandpolder mei kameraploech Van Gewest tot Gewest 1970 - Foto: Omrop Fryslân

Hendrika en Sietse de Jong buorkje tusken Aldeboarn en De Tynje, tsjin natuergebiet De Deelen oan. Guozzen hearre by harren bedriuw. Se fertraapje en ferfrette it gerslân, mar ek dat heart derby. In part fan it lân is 'gedooggebied', dat wol sizze dat guozzen dêr net ferjage wurde meie. De skea dy't de boeren oan harren lân hawwe, wurdt fergoede troch de provinsje.

Hendrika de Jong yn tsiismakkerij De Deelen - Foto: Omrop Fryslân

De provinsje betelle ferline jier mei-inoar sa'n 6 miljoen euro oan skea út. Dat bedrach moat folle minder, sa hat de provinsje hat in pear jier lyn besletten. En sjoch: dan komt de jager yn byld. Sa is berekkene dat der jierliks wol 200.000 guozzen sketten wurde kinne. Jager Jan Dijksma makket der gjin geheim fan dat er mei plezier in pear guozzen út de loft ploft, mar 200.000 is wol in hiele soad. Yn totaal hawwe de Fryske jagers ferline jier úteinlik 60.000 guozzen deasketten.

Jagers Jan Dijksma en Jelle Veltman yn de ûnderwâl - Foto: Omrop Fryslân

In jager sjit net foar de kliko, seit slachter Gerk Biesma, waans syn soannen ek jeie. In soarte fan earekoade fan it jagersgilde. De boarger sit net te wachtsjen op guozzefleis. Sawiesa is der mar in inkeling dy't wyld hawwe wol. Mar wa wit, miskien slagget it him mei de tiid de konsumint op oare gedachten te bringen.

Guozzewoarst by slachter Biesma - Foto: Omrop Fryslân

Mar wêr giet dit hinne? It opwaarmjen fan de ierde set troch. En op 'e Noardpoal twa kear sa fluch. Soe dat betsjutte dat der aanst noch mear guozzen hjirhinne ferhúzje? Om dêr sicht op te krijen reizget wittenskipper Thomas Lameris fan it NIOZ alle jierren nei Sibearië. Hy ûndersiket hokker ynfloed klimaatferoaring hat op it libben fan de paugoes. En wat moat der barre om de populaasje yn de stringen te hâlden?

Hy is net allinnich yn syn ûndersyk. Fan 28 oant 31 jannewaris hâldt in grutte groep ynternasjonale wittenskippers in konferinsje yn Ljouwert, net allinnich oer de guozzeproblematyk, mar ek oer de ekology fan de guozzen.

Thomas Lameris docht ûndersyk yn Siberië - Foto: Omrop Fryslân

Op it programma fan de wittenskiplike konferinsje stiet ek in besite oan de guozzeflapperij fan Harm en Alle van der Wal út Rottum. Pake flapte foar de pot. Heit die it om se te ringjen foar ûndersyk. De beide bruorren hawwe it wurk fan heit oernaam. Se binne op 't heden net bot op 't skik, want se krije de guozzen net oan 'e grûn.

Harm en Alle van der Wal mei harren guozzen - Foto: Omrop Fryslân

Fryslân DOK 'Winterwaar op Komst' is sneon 1 feberwaris om 15.30 oere te sjen op NPO2 (mei Nederlânske ûndertiteling, werhelling snein 13.10 oere). Ek is de ôflevering op snein 2 febrewaris om 17.00 oere te sjen op Omrop Fryslân-telefyzje (alle oeren werhelle).

(Advertinsje)
(Advertinsje)